Fries Museum ferwolkommet miljoenste besiker

16 apr 2019 - 20:11

It Fries museum hat tiisdei de miljoenste besiker hân sûnt de weriepening yn septimber 2013. It Dútske pear Klaus en Maria Effing út Münster waard mei harren soan en skoandochter ta harren ferrassing feestlik ûntfongen troch museumdirekteur Kris Callens.

Foto: Marieke Balk

De famylje krige in grutte bosk blommen en in wykeinarranzjemint by Lauswolt yn Beetstersweach. Neffens direkteur Kris Callens hiene se it momint fan de miljoenste besiker hast mist, omdat it folle earder kaam as tocht.

It Fries Museum waard yn 2013 mei in legaat fan arsjitekt Abe Bonnema nij boud op it Saailân yn Ljouwert. Yn it âlde gebou oan de Twibaksmerk kamen alle jierren sa'n 50.000 besikers. De ôfrûne jierren is dat oantal folle heger wurden mei grutte tentoanstellingen as Escher op reis, Alma Tadema en Rembrandt en Saskia.

Ferline jier kamen der 350.000 minsken yn it Fries Museum, fanwegen LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)