'Het Tweede Schot': in famyljeferhaal út beset Fryslân

Aletta Stevens wist fjirtich jier lang hast neat oer har omke Joop Schweitzer, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch om it libben kaam is yn Ealahuzen. Der wurdt nea oer him praat yn har famylje. As se sels mem wurdt en nei Ingelân ferhuzet, beslút se om út te sykjen wat der krekt mei him bard is.
Betinkingsplaat op de muorre fan it âlde gemeentehûs fan Balk © privéfoto
Aletta Stevens basearre har rekonstruksje op ferhalen tsjûgen, brieven en offisjele oarlochsdokuminten. Se ûntdekt dat har omke belutsen wie by it ferset en wat der krekt barde yn dy fatale nacht fan 4 augustus 1944.
It boek oer Joop Schweitzer - syn echte namme wie Johannes Doedenias - ferskynde yn 2017 yn it Ingelsk as Looking for Uncle Joop. It is no oerset nei it Nederlânsk.
De skriuwster, Aletta Stevens groeide op yn Rotterdam en hat troch har Fryske pake en beppe in bysûndere bân mei Fryslân. 'Het Tweede Schot' is útjûn troch Bornmeer Noordboek.