Dbieb Ljouwert ferkeazen ta bêste biblioteek fan Nederlân

De bêste biblioteek fan Nederlân stiet yn Ljouwert. Dbieb, yn de Blokhûspoarte, is troch in faksjuery en it publyk ferkeazen ta Bêste Biblioteek fan Nederlân. Winner dbieb krige tiisdei op It Nasjonale Biblioteekkongres yn Rotterdam de NBD Biblion Award 2019 útrikt troch Kristen van der Rijst.
© Omrop Fryslân, René Koster
De ferkiezing is in inisjatyf fan it fakblêd Bibliotheekblad en fynt dit jier foar de njoggende kear plak.
De Ljouwerter biblioteek is de bêste, omdat dy neffens de sjuery útblinke soe yn it grutte oantal aktiviteiten en de geweldige kolleksje. "De transformatie van een voormalige gevangenis met een monumentstatus in een eigentijdse bibliotheek, met veel grapjes die verwijzen naar de oorspronkelijke functie, is een huzarenstukje, waarvoor het team alle lof verdient."

Top 3

Op it twadde plak is de biblioteek fan Vught einige, fêstige yn de Petrustsjerke. De tredde priis gie nei Bibliotheek Deventer.
Direkteur Hans van der Veen fan dbieb yn Ljouwert