Byles op de basisskoalle: nuttich of net?

16 apr 2019 - 18:55

Byles is booming. Yn fjouwer jier tiid is it tal bedriuwen dat byles jout mear as ferdûbele. Net allinnich bern op de middelbere skoalle nimme byles, mar ek hieltyd mear basisskoallebern, dy't harren tariede wolle op de eintoets. Nico Jan Hoeksma fan Bijles Leeuwarden is hjir bliid mei: "De learling kin sa it maksimale út himsels helje." Mar Elly Ytsma tinkt der oars oer en hat dêrom in nije soart fan begelieding opset.

Ytsma is, tegearre mei har nicht Ilse, oprjochter fan Leafs, in jong bedriuw dat byles jout oan bern. "Wy binne net sa bot dwaande mei it ûnderrjochtsjen fan de basisskoallefakken, mar mear it psychologyske aspekt", sa seit Elly. "Wy oefenje net per definysje op 'e toetsen, want dit sjit it doel fan de CITO foarby. De toetsen binne der om op it goede nivo te kommen en net it heechste."

"Wy oefenje op konsintraasjeproblemen. Wannear moatst oplette as bern yn de klasse", fertelt Elly. "Sa litte wy bygelyks in bern mei in propke op de kontener sjitte, sadat it sa no en dan ôflieding hat. Sa leart it bern om de konsintraasje te ferdielen. Wannear letst op en wannear meist even earne oars weze mei dyn tinzen?"

De toetsen binne der om op it goede nivo te kommen en net it heechste.

Elly Ytsma, Leafs

Bern moat net ûnder syn grins prestearje

Nico Jan Hoeksma, oprjochter fan Byles Leeuwarden, fertelt oer syn wurkwize. "Ast oefenest mei de toetsen, kinst se bekend meitsje mei de stof. Ik kin it antwurd fan de toets net foarsizze en ek net foarsjen. Ik kin se wol wenne litte oan de stof, sadat de learling it maksimale út himsels hellet."

Hoeksma wol hjirmei foarkomme dat it bern ûnder syn grins prestearret. "It is dochs sneu, dat as in bern tichtslacht troch de stress, it te leech ynskaald wurdt op 'e basisskoalle? Dêr wurdt in learling ek net better fan en syn of har middelbere skoalletiid ek net."

Mar neffens Elly giet it dus net om it heechste nivo: "In bern prestearret ien kear goed boppe har of syn kinnen en sit dan op de middelbere skoalle yn in flinke dip. Se kinne dêr net prestearje, want de latte leit faaks te heech. Dit is foar it bern net winsklik. De prestaasjedrang soarget ek foar 'faalangst'. Bern moatte priizge wurde foar wat se kinne."

Foto: Omrop Fryslân

Hoeksma, no pensjonearre, hat jierren yn it ûnderwiis sitten en hat trije ferklearringen foar de tanimming fan byles. De ûnderwiismetoaden binne gâns feroare, en dy kostje in soad tiid. Dêrtroch kinne bern achter reitsje. Ek sit der in hiel soad ferskaat fan learlingen yn in klasse, mei elk in eigen nivo en punt fan oandacht. Al dizze faktoaren sitte by elkoar, sadat de klasse ek noch ris te grut wurdt foar de dosint.

Gelikenens fan kânsen

Njonken it probleem fan it nivo, is der ek noch diskusje oer de gelikenens fan kânsen yn it ûnderwiis. Byles kostet jild, dêr't it allinnich beskikber is foar âlders dy't it betelje kinne. Underwiis is sa allinnich beskikber foar minsken dy't it jild derfoar hawwe.

"Dit is yndied in grut neidiel fan byles, mar it is gjin argumint om it dan net mear te jaan", sa fynt Hoeksma. "It is itselde as mei sporten. It iene bern giet op fuotbal, wylst in oar it net betelje kin. Dan hâldt it bern dochs ek net op mei fuotbaljen? Byles is ek sa'n kar."

Trefwurden: 
basisskoalle Byles cito
(advertinsje)
(advertinsje)