Trije jier sel easke tsjin fraudearjende Grouster oannimmer

16 apr 2019 - 18:13

Tsjin in bou-ûndernimmer út Grou is trije jier sel easke, mei in healjier ûnder betingst. Neffens it Iepenbier Ministearje hat de ûndernimmer by trije falliseminten miljoenen euro's achteroer drukt. De oannimmer hie gjin administraasje byholden, sadat de kuratoaren harren wurk net goed dwaan koene.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It Iepenbier Ministearje fertinkt de ûndernimmer der ek fan dat hy fraudearre hat mei de belestingoanjefte. Mei-inoar soe it om trijenheal miljoen euro gean.

De rjochtsaak hat fjouwer dagen yn beslach nommen. Neffens de advokaat fan de Grouster binne de beskuldigingen net terjochte: de Belestingtsjinst, de kuratoaren en de opspoaringstsjinst FIOD soene har wurk net goed dien hawwe.

De falliseminten kamen troch in strange winter en it ynstoarten fan de huzemerk mei de finansjele krisis. De rjochtbank docht op 20 maaie útspraak.

Trefwurden: 
Grou fraude bou huzemerk
(advertinsje)
(advertinsje)