Grieteke Schrama wint it Lyts Frysk Diktee

16 apr 2019 - 17:58

Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole hat tiisdei it Lyts Frysk Diktee wûn. Dat waard hâlden op it Provinsjehûs yn Ljouwert. It Lyts Frysk Diktee is foar learlingen út de groepen 8 fan de basisskoalle. Trijehûndert learlingen ha meidien oan de foarrondes en de bêste 23 krigen tiisdeitemiddei it diktee foarlêzen troch skriuwster Lida Dykstra.

Foto: Omrop Fryslân

Winner Grieteke Schrama en Lida Dykstra oer it diktee

Grieteke hie sechstjin flaters. "Der sieten wol hiele drege wurden yn. Lykas Alvestêdetocht of prachtich of korrizjearje. Je moatte bern út groep 8 net ûnderskatte", fertelt Lida Dykstra.

(advertinsje)
(advertinsje)