Peaskefjurren meie trochgean yn Súdeast-Fryslân

16 apr 2019 - 17:46

De tradisjonele peaskefjurren yn Súdeast-Fryslân kinne dit wykein trochgean. Dat hat de gemeente Eaststellingwerf tiisdeitemiddei bekend makke. It giet om de trije peaskefjurren yn Aldeberkeap, De Fochtel en Elslo.

De peaskefjurren soene fanwege de oanhâldende drûchte mooglik net trochgean, mar nei oerlis mei de feilichheidsregio en de gemeentlike hanthaveners is besletten dat se trochgean kinne. Dat komt ûnder mear fanwege de waarsferwachting; der wurdt dit wykein net in soad wyn foarsein.

Wol nimme de organisaasjes fan de peaskefjurren maatregels. Sa wurdt der bygelyks in jarretank mei wetter pleatst en wurde beammerigen dy't tichteby it fjoer steane, wiet spuite.

Neffens de gemeente wurdt it waar de kommende dagen noch wol goed yn de gaten hâlden. As de foarsizzingen bot feroarje, soe it kinne dat de fjurren dochs net trochgean meie.

(advertinsje)