"Foarstel foar heger wetterpeil yn feangreidegebiet giet fierstente fier en te fluch"

16 apr 2019 - 17:03

As de plannen om it wetterpeil te ferheegjen yn feangreidegebieten trochgeane, kinne de boeren wol ophâlde. Dat seit LTO-regiofoarsitter Trienke Elshof. Boppedat soe it ek net helpe om boaiemdelgong tsjin te gean. De plannen geane neffens de LTO fierstente fier en te fluch en der is net genôch kompensaasje foar de boeren.

LTO-regiofoarsitter Trienke Elshof

Nije wike woansdei wurdt in inisjatyffoarstel yntsjinne yn de Twadde Keamer om it wetter oant in fêst peil te ferheegjen. Natuerorganisaasjes binne der bliid mei, mar de LTO fynt dat politisy de boeren der net genôch by belûke.

Neffens Elshof hat it flink wat gefolgen foar de boeren. "It betsjut dat it lân op in stuit net mear berydber is, dat de boer der minder opbringst fan hellet, elk jier hegere kosten hat en úteinlik syn fertsjinmodel net omheech hâlde kin. Eins dochst dan oan útdriuwbelied."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Natuerorganisaasjes, lykas iIt Fryske Gea, fine dat de boeren no oan set binne. De feangreidefyzje is al fiif jier âld. Boeren wolle sels mei proeven komme om it wetterpeil te behearskjen, mar It Fryske Gea fynt dat dat net fluch genôch giet.

(advertinsje)