Ferskate Fryske skoallen krije priis foar harren sûne kantine

16 apr 2019 - 16:38

Ferskate Fryske ûnderwiisynstellingen binne troch it Voedingscentrum ûnderskieden mei de Gouden Schoolkantineschaal. Dat is in priis foar skoallen dy't sûn iten oanbiede. It is tiisdei de dei fan de 'Gezonde Schoolkantine'.

Foto: Omrop Fryslân

It giet ûnder oare om CSG Comenius-lokaasjes Zamenhof en Mariënburg yn Ljouwert, CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne en CSG Liudger lokaasje Raai yn Drachten.

De skoallen binne drok dwaande om de kantines sûner te meitsjen. Ut ûndersiken docht bliken dat learlingen faker foar sûn iten kieze as it oanbod sûne produkten ek grutter is. Op it Praktykûnderwiis fan CSG Zamenhof meitsje de learlingen alle produkten sels, wêrnei't se dy ek ferkeapje. Dêrmei moatte de learlingen ûnderfining opdwaan mei it meitsjen fan sûn iten.

Betingsten

De betingsten foar it krijen fan in Gouden Schoolkantineschaal binne strang. Sa mei in kantine allinnich griente en fruit oanbiede en bestiet op syn minst tachtich persint fan it oanbod út saneamde 'betere keuzes'. Ek it befoarderjen fan it drinken fan wetter is in wichtich punt. De oanpak hjirfoar moat ûnderdiel wêze fan it skoallebelied.

Voedingscentrum

Comenius Zamenhof krige tiisdeitemiddei út hannen fan Diane Peters fan it Voedingscentrum de Gouden Schoolkantine Schaal 2019. Direkteur Ronald Boorsma naam dy tegearre mei de learlingen yn ûntfangst.

(advertinsje)
(advertinsje)