Keninklike ûnderskiedings by jubileum 'Vrouwen van Nu'

16 apr 2019 - 16:30

By it 100-jierrich bestean fan frouljusferiening 'Vrouwen van Nu' ôfdieling Fryslân hawwe Annelies Westerveld en Harma Heeringa-Wiegman in Keninklike ûnderskieding krigen. De âld-bestjoersleden krigen de dekoraasje tiisdeitemiddei oerlange fan de kommissaris fan de Kening Arno Brok, by it jubileumfeest yn De Harmonie yn Ljouwert.

Foto: ANP

Frou Westerveld (70) fan Wjelsryp is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Sy wie foarsitter fan Vrouwen van Nu yn Seelân en Fryslân. Ek hat se har dwaande holden mei coaching en training yn de organisaasje. Dêrneist hat se foarsitter en ponghâlder west fan Doarpsbelang Wjelsryp.

Frou Heeringa (69) fan Dokkum is beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Sy hat yn ferskate funksjes al 35 jier belutsen west by Vrouwen van Nu, earst yn Súd-Hollân en letter yn Fryslân. Sa makke se diel út fan de kulturele kommisje en wie se mei-organisator fan de fiering fan Ynternasjonale Frouljusdei. Dêrneist siet se yn it bestjoer fan de pleatslike tennisferiening en is se sekretaresse fan de Stichting Palliatieve Terminale Zorg.

(advertinsje)