Fryske skriuwster nominearre foar bêste sjoernalistike reisboek

16 apr 2019 - 15:54

De fan Tsjalbert ôfkomstige skriuwster Fleur van der Bij is nominearre foar de Bob den Uyl Prijs fan de VPRO. De omrop skriuwt de priis alle jierren út foar it bêste sjoernalistike reisboek. Van der Bij is kânshawwer mei har boek 'De Nijl in mij'.

Fleur van der Bij - Foto: privéfoto

Yn 'De Nijl in mij' folget Van der Bij de tocht dy't de Nederlânske ûntdekkingsreizger Juan Maria Schuver (1852-1883) makke lâns de wâlkanten fan de Egyptyske rivier de Nijl. Schuver ferdwûn op dy reis en is nea weromfûn.

Van der Bij is him neireizge en yn it boek bringt se ferslach út fan har syktocht. As se dêr mei dwaande is, komt der in grut persoanlik fertriet boppe en belânet se yn in psygoaze. De ûndertitel fan it boek is dan ek 'Een ontdekkingsreis van werkelijkheid naar waanzin'.

De Nijl in mij - Fleur van der Bij - Foto: eigen foto

De VPRO Bob den Uyl Prijs wurdt sûnt 2003 útrikt. Eardere winners wiene ûnder oaren Carolijn Visser, Frank Westerman en Auke Hulst. Op 26 maaie wurdt bekend wa't de priis yn ûntfangst nimme mei.

Skriuwster Fleur van der Bij fynt it in eare dat se nominearre is

De oare fjouwer nominearren binne:

  • Edwin Timmer mei 'Langs de muur van Trump. Van Harlingen naar Tijuana'
  • Peter Giesen mei 'Retour de France. Over de route nostalgique naar het Frankrijk van nu'
  • Dore van Duivenbode mei 'Mijn Poolse huis. Vakanties naar Auschwitz'
  • Mathijs Deen mei 'Over oude wegen. Een reis door de geschiedenis van Europa'
(Advertinsje)
(Advertinsje)