'Klasbak' Hester Jasper wol goed seizoen bekroane mei VC Snits

16 apr 2019 - 14:53

VC Snits giet de kommende wiken op jacht nei de Nederlânske titel. De follybalsters sette woansdei útein mei de finale fan it lânskampioenskip. Tsjinstanner is Sliedrecht Sport. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân. Spylster Hester Jasper wol it seizoen goed ôfslute, om't it miskien wol har lêste wedstriden binne foar VC Snits.

Hester Jasper hopet op stunt mei VC Snits

Underdog

Jasper is noch mar santjin jier, mar no al ien fan de wichtichste spylsters fan VC Snits. De sifers fan it follybalbûn litte sjen dat se de bêste passer is fan de earedifyzje. In oarsaak oanwize foar har goede seizoen, fynt se dreech. "Ik vind het lastig om over mezelf te praten. Het gaat super goed dit seizoen, maar ik ben nog steeds heel jong en er komt nog heel veel aan."

Wat der op de koarte termyn oankomt, binne de finalewedstriden tsjin Sliedrecht Sport. Wa't as earste trije wedstriden wint, pakt de Nederlânske titel. Woansdei is it earste duel yn Sliedrecht, snein is yn de Snitser sporthal wedstriid twa. Wannear't de tredde en eventueel fjirde en fiifde wedstriid binne, is noch net wis. Neffens Jasper is Sliedrecht de favoryt.

"We zijn wel echt de underdog. Maar dat is een mooie positie om in te zitten. Niemand verwacht wat van ons. We kunnen vrijuit spelen net als vorige keer. Toen zag je ook dat we 3-2 kunnen winnen. We hebben uit ook laten zien dat we goed kunnen meekomen. Misschien zit er nu wel meer in."

Coach Paul Oosterhof oer Hester Jasper

"Het is een klasbak. Ze is niet alleen een ontzettend goede volleybalster, maar ik heb dit jaar ook gemerkt dat ze het in de kop goed op orde heeft. Dat is erg belangrijk om ver te komen. Ik vind dat zij voor een zeventienjarige echt ver is, ook mentaal. Als zij fysiek fit blijft en in de kop fris blijft, kan zij zowel in Nederland als in het buitenland ver komen."

Foto: Orange Pictures

Takomst yn it bûtenlân

De kâns is grut dat de finaleduels tsjin Sliedrecht de lêste binne fan Jasper by VC Snits. "Misschien wel ja, ik weet het nog niet", laket se. "Ik ben aan het aftasten wat er kan komen vanuit het buitenland. Ik heb het hier bij Sneek wel heel erg naar mijn zin, dus het is niet dat ik bij Sneek weg wil. Maar als er een goede aanbieding komt, wil ik dat ook niet laten schieten."

Se spilet yn Nederlân al by ien fan de bettere klups, dus is de kâns grut dat se nei it bûtenlân ta wol. Se soe dan har sus en follybalinternational Marrit Jasper efternei kinne. Dy spilet yn Dútslân by Ladies in Black Aachen.

Njonken dat it nivo yn it bûtenlân heger leit, tinkt Jasper ek dat se dêr mear leare kin. "Hier trainen we vier keer in de week. In het buitenland is dat twee keer per dag. Dat mis ik hier. Ik ben een trainingsbeest en het is soms jammer dat het hier niet kan in Nederland."

Oanfierder Roos van Wijnen oer Hester Jasper

"Hester is dit jaar heel belangrijk geweest voor ons. Vooral aanvallend heeft ze heel veel gescoord en passend is ze altijd stabiel. Je voelt dat ze een heel groot talent is. Ze is er natuurlijk al een tijdje bij, ook als basisspeler, dus voor ons is het niet gek dat ze nu zo'n jaar speelt. Maar het is zeker knap voor haar leeftijd."

De follybalsters fan VC Snits nei de wedstriid tsjin Regio Zwolle - Foto: Orange Pictures

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)