Pulsfiskerij definityf ferbean troch Europeesk Parlemint

It Europeesk Parlemint hat tiisdei definityf besletten om de pulsfiskerij te ferbieden. It nije beslút hâldt yn dat mar fiif prosint fan de Nederlânske fiskersfloat noch oant 1 july 2021 trochgean mei mei it pulsfiskjen. Dêrnei mei it hielendal net mear.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De pulsfiskers dêr't it om giet, krije dizze wike berjocht fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit om troch te jaan hoe lang oft se trochgean meie mei pulsfiskjen.
Dizze maatregel is ûnderdiel fan in gruttere wet. Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea hat noch besocht om it pulsfiskjen út dy gruttere wet te krijen, sadat der apart oer stimd wurde koe, mar dat is net slagge.
Jan Huitema © Omrop Fryslân, René Koster
It Nederlânsk fiskersbûn neamt de nije wet in grutte klap foar de Nederlânske fiskerij. Neffens it bûn is it mooglik dat fiskerijbedriuwen no fallyt geane, omdat se de kosten foar it oerskeakeljen op oare foarmen fan fiskerij net drage kinne.