Wenpleats giet ferlern by brân yn Sint-Jabik; omlizzende wenten ûntromme

Yn in wenpleats oan de Noordeinde yn Sint-Jabik is tiisdeitemiddei brân útbrutsen. Yn de pleats waard pleechsoarch jûn oan fjirtjin bern. Doe't de brân ûntstie wiene der noch bern binnen, mar dy koene der allegear op tiid útkomme. Neffens de brânwacht binne alle persoanen út it gebou. Mei de gemeente Waadhoeke wurdt der soarge foar opfang.
Wenpleats giet ferlern by brân yn Sint-Jabik; omlizzende wenten ûntromme
Meardere korpsen en in heechwurker rieden út om de brân te bestriden. De wenpleats kin as ferlern beskôge wurde. Omlizzende wenten waarden ûntromme, in oantal hat lichte skea oprûn.
Neffens omstanners wie der in dakdekker oan it wurk doe't de brân ûntstie.
Brân yn Sint-Jabik © AS Media