Wike fan de tyk: "Hoe eerder je een teek verwijdert, hoe beter"

16 apr 2019 - 12:14

Mei it begjin fan de maitiid is ek it seizoen fan de tyk wer begûn. Dizze wike freegje ferskate organisaasjes, ûnder oare Steatsboskbehear en it Nederlânske Jagersbûn, dêrom wer omtinken foar de risiko's dy't it lytse bistje mei him mei bringt.

Tyk - Foto: Omrop Fryslân

Troch de hegere temperatueren yn de maitiid dûke der wer oeral bistjes op yn de natuer. Foaral de tyk kin foar minsken hiel ferfelend wêze, om't 1 op de 5 tiken de sykte fan Lyme by him draacht.

Yn de wike fan de tyk wurde minsken oproppen ekstra goed út te sjen nei de bistjes op it lichem. As je de tyk binnen 24 oeren fuorthelje, is der faak neat oan 'e hân. "Teken zijn zo klein. Als je in het bos bent geweest, moet je goed controleren of je een teek hebt opgelopen", seit Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesykten fan de GGD Fryslân. "Hoe eerder je een teek verwijdert, hoe beter het is."

Mear pasjinten

Yn 2017 krigen 27.000 minsken yn Nederlân de sykte fan Lyme, sa docht bliken út in ûndersyk fan it RIVM Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu. Yn 2014 wiene dat der noch 25.000. Yn de ôfrûne 20 jier is it oantal pasjinten mei de sykte fjouwer kear heger wurden.

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesykten fan de GGD Fryslân

De sykte fan Lyme is in ynfeksjesykte dy't feroarsake wurdt troch baktearjes en oerdroegen wurdt troch tiken. As der in reade sirkel (erythema migrans) om de tikebyt hinne ûntstiet, is besmetting mei de sykte hast wol wis. Yn de jierren 70 is de sykte foar it earst ûntdutsen yn it Amerikaanske plakje Old Lyme.

In tyk oprinne kin net allinne yn de frije natuer, mar ek yn je eigen tún. "Teken zitten in het hoge gras, in de droge bladeren. Dat kan zijn in het bos, maar ook in je achtertuin bij wijze van spreken. Verder kom je ze tegen in de duinen", fertelt Hofstra. "Dus als je de natuur ingaat, dat moet je vooral doen en er vooral van genieten, maar als je thuiskomt zo gauw mogelijk controleren."

Waarm plakje

Tiken sykje op it lichem in waarm plakje op. Hofstra: "Dat zijn eigenlijk alle lichaamsplooien. Knieplooien, okselplooien, ook in de haarrand van de nek en achter de oren, in de liezen en de bilnaad. Als je een heel klein zwart puntje ziet van 1 millimeter groot, kijk dan even extra goed, want dat kan een teek zijn en dan moet je hem verwijderen."

Fia de webside tekenradar.nl kinne minsken in byt fan in tyk melde en de sprieding fan it bistje en de sykte fan Lyme sjen. Yn ûndersteand ynformaasjefilmke wurdt der mear útlein oer de kontrôle op tiken en it fuortheljen derfan.

(advertinsje)