Glemmer Beach makket nijste nammen bekend foar jubileumedysje

16 apr 2019 - 12:12

Level42, Tino Martin en Davina Michelle binne de nijste oanwinsten foar de oankommende edysje fan Glemmer Beach. It strânfestival op De Lemmer fynt dit jier plak fan tongersdei 22 oant en mei sneon 24 augustus.

De slotjûn fan wurdt ôfsletten troch Michelle, dy't mei it nûmer Duurt Te Lang de ôfrûne wiken hieltyd boppe-oan de Nederlânske hitlisten te finen wie.

Glemmer Beach fiert dit jier it twadde lustrum. Earder waarden UB40, Clouseau en Nielson al oankundige.

(advertinsje)
(advertinsje)