Brân yn waskdrûger soarget foar skea oan hûs op It Hearrenfean

16 apr 2019 - 11:47

In wenhûs oan de Hopman op It Hearrenfean rûn tiisdeitejûn aardich wat skea op troch in brân. It fjoer ûntstie neffens de brânwacht yn de waskdrûger op souder.

De brânwacht yn aksje - Foto: Dennis Stoelwinder

By de brân rekke net ien ferwûne. De bewenners koene op tiid harren wente ferlitte, mar moasten nachts wol earne oars sliepe. De skea waard benammen feroarsake troch de reek dy't by de brân frijkaam.

(advertinsje)