Mear meldingen oer diskriminaasje fanwege handicap of groanyske sykte

16 apr 2019 - 11:32

By de diskriminaasjemeldpunten yn Noard-Nederlân komme hieltiten faker klachten binnen oer ûngelikense behanneling fanwege in handicap of groanyske sykte. Dat docht bliken út de Monitor Discriminatie 2018, dy't de trije noardlike diskriminaasjemeldpunten fan Fryslân, Grinslân en Drinte en de plysje Noard-Nederlân tiisdei presintearre ha.

Foto: Omrop Fryslân

Foar it fjirde jier op rige is it tal meldingen fan diskriminaasje op grûn fan in handicap of groanyske sykte omheech gien. Sûnt 2015 is it oantal klachten ferdûbele. Yn 2018 waard der 71 kear melding fan makke, tsjin 35 kear yn 2015.

Mei elkoar binne der ferline jier sawat 800 klachten oer diskriminaasje registrearre, by ferskillende organisaasjes. It tal klachten oer diskriminaasje op grûn fan komôf of hûdskleur is sawat gelyk bleaun. Yn Fryslân is it tal klachten oer diskriminaasje op grûn fan de Fryske taal ferline jier groeid fan ien nei fiif.

It docht bliken dat der benammen op de arbeidsmerk diskriminearre wurdt, mar ek yn iepenbiere romten.

Mirka Antolovic, direkteur fan diskriminaasjemeldpunt Tûmba yn Ljouwert

(advertinsje)