Brân Notre-Dame: "Ik ha oardel oere lang allinnich mar brânwachtauto's heard"

16 apr 2019 - 10:15

Yn de Notre-Dame yn Parys hat moandeitejûn in grutte brân west, miskien wol ít ikoan fan de Frânske haadstêd. De ravaazje oan de iuwenâlde katedraal hakt der bot yn by de ynwenners fan de metropoal. Ien fan harren is Fries om utens Siebrig van der Veen.

Brân yn de Notre-Dame - Foto: ANP

Fries om utens en ynwenner fan Parys Siebrig van der Veen oer de brân

Van der Veen wennet al jierren yn Frankryk. Dochs waard se fan it nijs op de hichte brocht fanút har heitelân. "Fia in WhatsAppke fan in freondinne út Nederlân. Dêrnei krige ik fan mear kanten berjochten."

Van der Veen neamt de Notre-Dame it moaiste monumint fan Parys en miskien wol hiel Frankryk. "It is hiel skande. Hiel frustrearjend ek, omdat it der foar dyn gefoel net safolle barde om it fjoer út te krijen, mar dat skynde hiel dreech te wêzen."

Ik ha oardel oere lang allinnich mar brânwachtauto's heard. It wie in drokte fan belang.

Siebrig van der Veen

Van der Veen wennet krekt bûten Parys, mar de gefolgen fan de brân wiene ek by har yn de buert goed te fernimmen. "Ik koe de reekwolken boppe de stêd wol sjen en ha oardel oere lang allinnich mar brânwachtauto's heard. It wie in drokte fan belang."

Van der Veen is learares. Se sjocht om har hinne dat de brân in soad impact op de minsken hat. "Ik jou les oan in groepke katoliken. Foar harren hat de brân safolle mear betsjutting as foar my. Ast leauwich bist, jout it noch wer in oare diminsje. Echt supertryst foar dy minsken."

Donaasjes foar weropbou

In dei nei de brân bespeurt Van der Veen foarsichtich optimisme. "Moandei wie de gedachte benammen: der falt net in soad te rêden. Tiisdei fûn ik minsken alwer in stik positiver. Der binne leau ik al in soad donaasjes binnenkaam om de katedraal wer op te bouwen, mar dat sil noch wol even duorje."

(advertinsje)