Kollum: "Kappe!"

16 apr 2019 - 08:36

"Ast lykas ik in klaaiklute bist, binne beammen in bysûnder ferskynsel. It eachweid yn it hege noarden is wat dat oangiet in Japanske print: leechte mei in pear fine streekjes. Dy fine streekjes binne ienlike beammen. It is nei alle gedachten krekt dy krapte dy't myn leafde foar de bosk oanjage hat."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"As bern en as folwoeksene geniete ik fan de stille, geheime beslettenens fan 'e bosk, de geuren en de lûden, it ûnferwachts foar 't ljocht kommen fan in mar of in plasse. De bosk joech ûntspanning en stimulearre myn fantasy. Set my midden yn in tsjuster wâld, en ik bin in gelokkige dodo.

Doe't ik lyts wie tocht ik dat de bosk der altyd wêze soe. Bakkefean, Appelskea, Drinte en de Feluwe: allegearre bosk dat bestindich wie. Dy bestindigens wurdt lykwols de lêste pear jier mei buldoazers en kettingseagen mei de grûn gelyk makke. Ferneatiging fan bosk slacht foar master op. It wurdt allinne net ferneatigjen neamd, likemin as behearen.

It synonym foar ferneatigjen hjit op 't heden 'behearskjen'. De natuer yn Nederlân wurdt behearske. Dy hearskers hjitte ûnder oaren Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten. Dy sette troch saneamde ynrjochtingsplannen it lânskip nei harren hân. Se prate oer biodiversiteit, it jonger meitsjen fan de bosk, oer it ophelpen fan natuer sa't dy hjir eartiids wie. Doe stie der bygelyks amper bosk op de Feluwe.

Dy kant moat Nederlân wer út. Mear heide en mear sânferstowingen. Dat wat my treft yn sa'n tinkwize, is de folsleine eigenwille foar it kiezen fan in momint yn de skiednis fan de ierde. No wurdt der keazen foar in lânskip, sa't dat ûntstie nei't de earste prehistoaryske boeren de bosk op 'e Feluwe iepenlein hiene.

Dêrnei kaam de eroazje en de sânferstowingen, de tiid dêr't de lânskipsynrjochters it each op falle litten ha. Mar nei bygelyks de iistiid rekke de hiele Feluwe begroeid mei bosk. Hoe kinne jo dan mei goed fatsoen sizze dat je de natuer ophelpe nei sa't dy eartiids wie? Watfoar lânskip is op watfoar momint yn de tiid it weardefolst?

Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten besykje op keunstmjittige wize in idealisearre ferline werom te bringen. En dat idealisearre ferline is op himsels al diskutabel. Want binne heide en sânferstowingen yn wêzen net ekologyske rampgebieten, oait ûntstien troch in te yntinsyf hanneljen fan de minske? As it giet oer biodiversiteit is it krekt as soe dat net bestean yn 'e bosk. As is de bosk gjin leefgebiet foar ferskillende soarten planten en bisten, foar fûgels en ynsekten, reptilen, foksen en harten, foar poddestuollen en farens. Om it oer iken, dinnen, spjirren, bûken en lariksen mar net te hawwen.

De makberens fan de natuer yn Nederlân moat dien wêze. It ferneatigjen fan bosk en beamwâl moat ophâlde. Beammen sykhelje, dat wy sykhelje kinne. Se jouwe skaad, dat wy skûlje kinne. Se hâlde de grûn beet, dat heuvels en bergen net begjinne te skowen. Hoe bitter is it as hearskers in beam kapje, op 'e stobbe stean gean en ferkundigje dat se de natuer moaier meitsje? Spesjaal foar harren helje ik in útspraak fan Kahlil Gibran oan: 'Beammen binne gedichten dy't de ierde yn de loft skriuwt.' Koesterje dy poëzy."

(advertinsje)
(advertinsje)