CBS: ekonomyske groei yn Fryslân lytser as yn rest fan Nederlân

16 apr 2019 - 06:51

De ekonomyske groei yn Fryslân is yn 2018 útkommen op oardel prosint. Yn trochsneed wie dy groei yn Nederlân 2,7 prosint. Fryslân bliuwt achter en dat komt benammen troch de krimp yn it noarden fan de provinsje. Dat docht bliken út de sifers dy't it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) bekend makke hat.

Ynkeapen - Foto: ANP

Peter Hein van Mulligen fan it CBS oer de sifers

Opmerklik is dat fan alle regio's Súdwest-Fryslân krekt in hiel hege ekonomyske groei sjen lit: 5,2 prosint. It CBS jout oan dat dat komt troch de gemeentelike weryndieling. Trochdat Súdwest-Fryslân der sterke gebieten by krigen hat, liket it as hat der in grutte groei plakfûn. Yn Súdeast-Fryslân wie der in groei fan 2 oant 2,5 prosint.

Provinsjaal sjoen wie der yn Grinslân sprake fan ekonomyske krimp, trochdat der minder ierdgas wûn is. Fan alle oare provinsjes hie Fryslân de minste groei. Flevolân hie de heechste ekonomyske groei: 3,4 prosint.

Krimp en fergrizing

"Van alle provincies zijn Friesland en Groningen het sterkst gekrompen, maar Friesland is nog wel gegroeid", wit Peter Hein van Mulligen fan it CBS. "Het zijn gebieden die nogal last hebben van een krimpende en vergrijzende bevolking. Dat helpt niet bij economische groei."

In ferklearring hat Van Mulligen wol. "Friesland heeft natuurlijk duidelijk zwakkere punten zoals wel meer grensregio's in Nederland. Daar vergrijst en krimpt de bevolking. Bovendien: mensen die een goede opleiding hebben genoten hebben nog wel eens de neiging weg te trekken naar de Randstad."

Dochs wie der yn Fryslân wol sprake fan ekonomyske groei. Van Mulligen wit wêr't dat ûnder oare oan leit. "Aan de andere kant heeft Friesland ook sterke punten: het toerisme, de Waddeneilanden en de Friese meren. Het is geen gek idee om op die sterkte punten in te zetten en volgens mij doet de provincie dat ook al heel veel."

(advertinsje)