Peaskefjurren mooglik ferbean fanwege oanhâldende drûchte

16 apr 2019 - 06:00

De tradisjonele peaskefjurren yn Súdeast-Fryslân stean faai. Fanwege de drûchte is op in soad plakken yn Nederlân it oanstekken fan de brânbulten no al ferbean. Yn Fryslân is it sa fier noch net, mar der wurdt wol rekken mei holden.

'Sjef Tak' Thom Eggen oer de peaskebult Elslo

Yn Elslo binne de leden fan Vesuvius al wiken dwaande om it snoeiôffal op in grutte bult te krijen. Neffens Thom Eggen, dy't him Sjef Tak fan de klup neamt, hawwe se al sa'n sechstich karren mei snoeiguod ophelle. Boppedat hawwe partikulieren sels ek in soad tûkeguod brocht. De bult is no al sawat 14 meter heech en der wurdt noch altyd guod brocht.

It is de bedoeling dat de brânbult op peaskesnein dy jûns om healwei achten oanstutsen wurdt. By de bult komme dan in tal partytinten, der is muzyk en fansels drank en wat te iten. Mar de kâns bestiet dus dat it hiele feest net trochgiet.

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf lit witte dat der oer it al of net trochgean fan de peaskefjurren yn syn gemeente noch gjin beslút naam is. Se hâlde it wol skerp yn 'e gaten en sille op koarte termyn, mooglik tiisdei al, in beslút nimme.

Mei de waarfoarsizzing fan no liket de kâns grut dat de brân der net yn mei. It wurdt waarm waar en der is foar de peaskedagen ek gjin reinwetter foarsein.

(advertinsje)