Maarten Goudzwaard (FvD): "Wy hiene al reedlik flot it idee dat se it foar de bühne diene"

15 apr 2019 - 22:13

Teloarstelling by it Fryske Forum voor Democratie, no't se net mear meiprate oer de foarming fan in nij kolleezje fan deputearre steaten. De partij, mei seis sitten yn 'e seaten de grutte winner fan de provinsjale ferkiezingen, hie graach meidien. De oare partijen, CDA, VVD, FNP en PvdA, fûnen it mei-regearjen fan Forum yn Fryslân in te grut risiko. Goudzwaard kundige oan dat syn fraksje stevich opposysje fiere sil, de kommende fjouwer jier.

Yn de ynformaasje-perioade wiene de foarnaamste stroffelstiennen neffens him de oanpak fan de klimaatproblematyk en de ûnerfarenheid fan de FvD-politisy. Hy seit dat syn partij foar syn gefoel yn de ynformaasjeperioade noait echt serieus nommen is: "It gefoel serieus nommen te wurden gie hiel gau fuort. Wy hiene al reedlik flot it idee dat se it foar de bühne diene. Dat se sjen litte woene oan de achterban dat se Forum serieus nimme, Mar eins hiene se derhielendal gjin sin yn."

"Der waard hieltyd tsjin ús sein: "jimme binne hartstikke nij.." Dat is ek sa, mar jo moatte dochs ek de kâns krije. Wy hawwe kapabele minsken en in melearde list. Wy binne der klear foar."

"Wy hawwe de ferplichting nei ús kiezers ta om serieus mei de ynformateur om tafel te gean. Wy hawwe in dúdlik plan makke en de earste ronde wie foaral kennismeitsjen. De twadde ronde hawwe wy it oer beliedsbrief 'duorsume enerzjy' hân. Doe fernamen wy wol dat de partijen hiel rigide fêsthâlden oan harren stânpunten op it gebiet fan enerzjytransysje. Foaral de VVD. No stie der hjoed op Twitter dat de VVD oalje op it klimaatfjoer smyt. De partij wol de doelstelling nei de EU ta nochris opskroevje as it giet om de útstjit fan CO2. Dat bewiist mar wer ris dat de VVD in linkse partij wurden is."

"Wy as Forum voor Democratie binne dêr net kaam om te sizzen: dit fine wy weardeleas, en dat fine wy weardeleas. Wy binne tsjin de sinneparken, tsjin wynmûneparken, tsjin biomassa en tsjin geotermy. Dat smyt hielendal neat op. Wat wy wol sitten sjogge is ynvestearje yn kearnenerzjy, sinnepanielen op dakken, it ferduorsumjen fan huzen en stimulearje fan bedriuwen dy't dwaande binne mei innovative maatregelen. Wy hawwe in soad muoite mei it Wynpark Fryslân. Dat is dan wol demokratysk besluten, mar it docht noch altyd sear. Want elke foarm fan toerisme kinst dêr ferjitte. Wy hawwe der kritysk nei sjoen en ast it eventueel weromdraaie kinst, dan moatst dat bestudearje. Mar it hat noait in eask fan ús west."

"Dy politike ûnderfining sille wy hiel gau leare. Wy pikke gau dingen op. Wy hawwe in groep minsken dy't in soad ûnderfining yn it wurkfjild meibringe. Hieltyd sizze: jimme hawwe gjin ûnderfining fyn ik in bytsje de maklike wei kieze."

"Nuver yn it ynformaasjeproses fûn ik dat wy fan CDA en VVD fuortendaliks oer de brêge komme moasten mei in nammen fan deputearren en watfoar portefeuljes wy woene. Dat fûnen wy in nuvere gong fan saken, want wy moasten inoar earst mar ris fine op in tal krusjale punten. Ik wol sels gjin deputearre wurde", seit Maarten Goudzwaard.

(advertinsje)