Jong SC Hearrenfean ferslacht Jong NAC en komt heger op ranglist te stean

15 apr 2019 - 21:29

De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandeitejûn it twadde team fan NAC Breda ferslein. Op Sportcomplex Heksenwiel wiene de Feansters mei 0-1 te sterk foar it team dat ferline wike mei grutte sifers fan Jong Cambuur wûn.

Foto: SC Hearrenfean

It waard in iepen wedstriid tusken twa teams dy't beide yn de top fan de ferliezerspûl meidraaie. Beide ploegen hiene dan ek wol kânsen, mar kamen yn de earste helte net ta skoaren. Dat slagge nei it skoft pas. Yn de 62e minút skoarde Mark Westra op oanjaan fan Nemanja Mihajlovic. Dat wie ek daliks de einstân.

Troch de winst giet SC Hearrenfean foarby oan Jong NAC Breda op de ranglist fan de ferliezerspûl. De Friezen stean no tredde mei 16 punten út 6 wedstriden.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)