Jong SC Cambuur ûnderút by direkte konkurrint

15 apr 2019 - 21:25

De beloften fan SC Cambuur hawwe moandeitejûn ferlern fan Jong VVV/Helmond Sport. Op besite by it kombinaasjeteam gong de ploech fan trainer Dennis van Ree mei 3-1 ûnderút. Dêrtroch sakket it team in plak op de ranglist.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Foar rêst krigen de Ljouwerters al in goal tsjin. Dat barde nei it skoft op 'e nij. Stanley Akoy soargje dêrnei noch wol foar de oanslutingstreffer, mar VVV/Helmond Sport wie úteinlik te sterk en makke noch de 3-1.

Troch it ferlies wurdt Jong Cambuur troch Jong VVV/Helmond Sport ynhelle op de ranglist fan de ferliezerspûl. De beloften stean no achtste. De folgjende wedstriid fan de beloften fan Cambuur is op 29 april. Dan nimme sy it thús op tsjin Jong De Graafschap.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)