Gerben Jongsma: "It jout sa'n impact as je spylje"

Gerben Jongsma fan Drachten is snein twadde wurden by de finale fan it Prinses Christina Concours yn Den Haag. De 16-jierrige Drachtster bespilet de marimba. Hy wie ien fan de sân finalisten yn syn leeftiidskategory.
© MajankaFotografie
Gerben Jongsma
Prinses Christina, dy't de útrikking die, fûn it wurk fan Jongsma bysûnder. "It leit in bytsje bûten har strjitsje,. Ik spile behoarlik moderne stikken yn ferliking mei de oare stikken. Dat wie foar har hiel bysûnder", seit Gerben.
De marimba, ferlykber mei in ksylofoan, is in yngewikkeld ynstrumint, mar Jongsma fynt it ek in prachtich ynstrumint. "It is sa prachtich om mei twa of fjouwer stokken akkoarden oan te slaan, en dat it sa'n impact jout as je spylje," seit er. "It is it moaiste ynstrumint dêr't ik ea op spile haw."
As priis mei Gerben Jongsma nei ien of twa konserten fan syn idoal mei yn in Europeeske stêd. Boppedat mei er in live-optreden jaan yn it radioprogramma Spiegelzaal, dat út it Concertgebouw yn Amsterdam wei útstjoerd wurdt.