Twangsom driget foar Frisia Sâlt fanwege brûken disel by sâltwinning

15 apr 2019 - 20:17

Frisia yn Harns is ien fan de trije sâltprodusinten yn Nederlân dy't in twangsom oplein krige hawwe fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Dat is dien fanwege misstannen by de sâltwinning. De bedriuwen soene net genôch rekken hâlden hawwe mei de omjouwing. De oaren dy't in twangsom oplein krige hawwe, binne de sâltprodusinten Nouryon en NedMag.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens kontrôle-ynstânsje fan de oerheid Staattoezicht op de Mijnen is der disel brûkt by de sâltwinning sûnder de goede papieren. Yn Nederlân wurdt djip ûnder de grûn sâlt wûn troch dêr swiet wetter hinne te pompen, sadat it mingt mei it sâlt. Dêrnei wurdt it wer omheech pompt. Yn de holtes wurdt in laachje disel pompt. Dat soarget derfoar dat se minder gau skea oprinne. Sok spuitsjen mei disel is oan regels bûn fanwege it risiko op grûnfersmoarging.

De trije sâltbedriuwen krije no in pear moanne de tiid om in gemysk feilichheidsrapport op te stellen. Is it op 1 septimber noch net regele is, dan jildt foar alle wiken dat se dêr net oan foldogge in twangsom fan 55.000 euro mei in maksimum fan 550.000 euro.

Trefwurden: 
Harns Frisia sâltwinning
(advertinsje)