Sportoersjoch: Optimisme by Hearrenfean en VC Snits yn finale

15 apr 2019 - 19:04

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

It giet fansels oer de noardlike fuotbalderby: SC Hearrenfean pakte yn eigen hûs in punt tsjin FC Grins. It soarget foar wat optimisme by de Friezen, mar eins sjitte se neat op mei dat iene punt.

De follybalsters fan VC Snits sitte wer by de bêste twa fan Nederlân. Se sleaten de kampioenspûl ôf mei in oertsjûgjende oerwinning en nimme it no tsjin it favorite Sliedrecht Sport op yn in best-of-five-searje. De winner is lânskampioen.

De basketballers fan Aris spilen dit wykein harren earste wedstriid nei it fuortgean fan coach Tony Van den Bosch. Anne van Dijk nimt it oer, mar dat smiet noch net in goed resultaat op tsjin koprinner Leiden.

Snitser Geart Jorritsma rûn yn Enschede syn earste maraton yn syn karriêre en hy wûn ek gelyk. De 22-jierrige Snitser hie sels kwalik traind.

(advertinsje)
(advertinsje)