Fipronylsaak foar de rjochter: Hat NVWA neilittich west yn aaiekrisis 2017?

15 apr 2019 - 18:56

De plomfeesektor hat moandei by de rjochtsaak oer de fipronylkrisis yn Den Haag dúdlik makke dat in betidere ynformaasjefoarsjenning troch de NVWA in soad skea foarkomme kind hie. Soks is needsaaklik om in werhelling foar te kommen. Dat seit Piet Faber fan boere-organisaasje LTO.

Foto: ANP

Ynset fan de saak wie de fraach oft de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit neilittich west hat by de fipronylkrisis fan 2017. De plomfeesektor seit dat de tafersjochhâlder wichtige ynformaasje efterholden hat. Yn de aaien siet de ferbeane stof fipronyl, wêrtroch't in protte stâlen en bisten besmet waarden. It soarge foar in skea fan tsientallen miljoenen euro's foar de plomfeesektor.

Wat de sektor dúdlik makke hat by de rjochtbank, seit Faber, is dat de NVWA earder al ynformaasje hie dat der fipronyl brûkt waard en dat se dat net dield hawwe mei de sektor, mei grutte skea as gefolch. Wy fine dit as hinnehâlders, seit Faber, mar it soe moai wêze as de rjochter dat ek fynt. Dan soene je it paad iepenje kinne nei skeafergoeding. Mar it allerwichtichste is dat de NVWA, as dit wer bart, earder ynformaasje dielt mei de sektor, sadat wy der yn in folle betider stadium wat oan dwaan kinne.

Dat der fipronyl brûkt waard wie al langer bekend. Yn de simmer fan 2017 kaam it oan it ljocht. De NVWA wist it yn jannewaris fan dat jier al. Dêr hawwe se neat mei dien, seit Faber, mei as gefolch dat it bedriuw Chickfriends syn gong gean koe. Dêrtroch rekken folle mear hinnen en stâlen besmet as wannear't de NVWA de ynformaasje fuortendaliks dield hie mei de sektor. Dan hiene de pikeboeren warskôge west.

En doe kamen we fan it iene gerommel yn it oare.

Piet Faber, LTO, oer dat de NVWA earst net warskôge en letter oanrette better gjin aaien te iten.

Faber: De NVWA hie better dy ynformaasje fertroulik diele kinnen mei de sektor. Dan hiene wy de boeren warskôgje kinnen: tink derom, by Chickfriend gean dingen net goed. No koe it bedriuw gewoan trochgean. Dan kinne se wol sizze: der wie gjin gefaar foar de folkssûnens. Mar de NVWA hat letter ek sein dat minsken mar better gjin aaien ite koene. En doe kamen we fan it iene gerommel yn it oare gerommel.

Achternei hat de folkssûnens net yn gefaar west. Dêr giet it yn dit gefal net om, seit Faber. It gie derom dat it bedriuw Chickfriend spul dat net brûkt wurde mei mingt troch spul dat wol brûkt wurde mei. Dêrtroch wie der sprake fan etiketferfalsking, ek rjochting de hinnehâlders. Dêr is it misgien.

By de NVWA wisten se it en gjin minsk die wat.

Piet Faber, LTO

Hoe no fierder? Jo kinne it paad op fan de skeafergoeding, mar jo kinne der folle better op ta dat, as dit wer bart, earder ynformaasje dield wurdt. Dat der in ynfrastruktuer komt yn de ynformaasjedieling mei de NVWA, sadat de sektor dat oppakke kin. No wiene de aaiboeren kânsleas. It gie mar troch. By de NVWA wisten se it en gjin minsk die wat. De boeren wisten fan neat. Dan sitte jo yn in brike situaasje, neffens Faber.

It soe hiel bot helpe as de rjochter ek fynt wat wy fine. Hooplik helpt it dat de rjochter seit: jimme as NVWA moatte soks tenei diele mei de sektor, sadat dy net kânsleas ten ûnder giet. No is dat wol bard: wy giene kânsleas ten ûnder.

De útspraak yn dizze saak is op 10 july.

Trefwurden: 
LTO fipronyl NVWA
(advertinsje)
(advertinsje)