Turncoach Tjalling van den Berg: "Epke is de iennige dy't dit kin"

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat snein syn tredde Europeeske titel oan de rekstôk wûn. Yn it Poalske Szczecin sette er in skoare fan 15,266 del. Dêrmei bleau er syn twa grutte konkurrinten foar. Turncoach Tjalling van den Berg fertelt yn Fryslân Hjoed oer de topsporter dy't er al hiel lang ken.
NOCH FH petear oer Epke
Tjalling van den Berg wurdt hiel bliid as er Epke syn oefening besjocht. "It is 'een en al feest.' Hy hat echt in ekstreme prestaasje delset, syn bêste oait. De earste twa flechteleminten kin er mei de eagen ticht dwaan, dy draait er standert. Dy lêste twa lêste flechteleminten kin hy as iennige. Hy pakt de stok dan achterwaarts, dat is in grut risiko om dat goed út te fieren."
Konkurrinten traine der ek wol op om twa kear twa flechteleminten te dwaan. "Se moatte ek it lef ha om dat yn de wedstriid te dwaan en moatte dat ek mentaal kinne. Epke hat dat yn de genen. Syn pake wie ek in heale akrobaat en die op de nok fan de pleats de handstand."
Foar de Olympyske Spelen, takom jier yn Tokyo, sjocht Van den Berg wol kânsen foar Epke. "Hy moat no soargje dat er fysyk en mentaal fit bliuwt."
Oefening Epke