Follybalfinale VC Snits is 'Wedstriid fan de Wike'

Ien ding is al wis: de follybalsters fan VC Snits hearre by de bêste twa klups fan Nederlân. Se stride mei Sliedrecht Sport om it lânskampioenskip. Yn in best-of-five-searje spylje se woansdei earst in útwedstriid. Snein is it twadde duel yn de Snitser sporthal. De follybalfinale is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.
Trochdat konkurrint Set-Up '65 sneon ferlear fan Eurosped, gie de lêste wedstriid yn de kampioenspûl nergens mear om foar VC Snits. Dochs wûnen de froulju maklik mei 3-0 fan Zwolle. De finale tsjin Sliedrecht set dus woansdei útein. "Dat VC Snits de finale hellet, is al ôfgryslik knap", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
"It team is foar dit seizoen foar in grut part renovearre. Der kaam mei Paul Oosterhof in nije coach en hy naam fiif nije spylsters mei fan syn foarige klup. Dy spilen in nivo leger en dus is it hiel knap dat se it no ek op it heechste poadium sjen litte."
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.