Fryske 'Eftelingfersteurder' fynt taakstraf bûtenproporsjoneel

15 apr 2019 - 17:01

In groep diere-aktivisten hat sneintemiddei in riddershow yn attraksjepark de Efteling yn it Brabânske Kaatsheuvel fersteurd. Se sprongen it spylfjld op en lieten buorden sjen mei de tekst 'Efteling, wij accepteren geen dieren in shows'. De demonstranten binne oerdroegen oan de plysje. Ien fan de aksjefierders, Peter Janssen, komt út Stiens.

Janssen by in eardere aksje - Foto: Facebook Peter Janssen

De aksjefierders ha 100 oeren taakstraf oplein krigen en meie trije moanne lang net it attraksjepark yn.

Peter Janssen, ek wol bekend as de Vegan streaker, fynt de straf te heech. "Ik vind het belachelijk en buitenproportioneel. We hebben een vreedzame actie gevoerd. Zodra de artiesten van het toneel waren, zijn we op het veld gesprongen en hebben we twee spandoeken omhoog gehouden. Wij vinden dat dieren niet voor vermaak moeten worden ingezet. Een van ons, we waren met twee mannen en twee vrouwen, kreeg zelfs klappen."

Hy lit it der net by sitte. "We zullen zeker in beroep gaan. In Nederland mogen wilde dieren niet in een circus optreden en wij vinden dat dit ook niet kan, dat een paard in de show een brandende doek om zich heen krijgt. Een dier en vuur is geen combinatie, we steken ook geen vuurwerk bij dieren af." Hy sil trochgean mei aksjefieren.

(advertinsje)