Anja Haga libbet al moannen sûnder plestik: "Eins giet it makliker as tocht"

15 apr 2019 - 16:35

De Dokkumer ChristenUnie-politikus Anja Haga besiket om plestik safolle mooglik út har libben te bannen. Trije moanne lyn fertelde se deroer by Omrop Fryslân. Doe begûn se dermei. Hoe giet it no?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It slagget bêst goed", seit Anja Haga. "We ha in soad produkten al plestikfrij en sa stadichoan ferfange we hieltyd mear. Eins giet it makliker as tocht." It hiele hûs is noch net plestikfrij, der binne noch wol keunststof produkten. "Ja, dy ha we noch wol. We ha net alles fuortdien, dat is ek net duorsum. Mar dat fyn ik wat oars as 'wegwerpplastic', dat keapje we net mear. We drinke bygelyks losse tee, sa't myn beppe dat earder ek die."

Hoe docht se dat mei de boadskippen?

"Yochert ha we bygelyks yn in flesse, en as we wat yn karton hawwe, dan sjogge we wol oft dat in FCS-karmerk hat. Griente as beantsjes sitte yn in linnen pûdsje dat ik sels mei nei de winkel nim." Fierder brûkt se plestik bakjes dêr't earder iis ynsiet opnij. "Dy nim ik mei nei de slachter en dêr folje se dat foar my. Dat doch ik ek mei bûterbakjes, dy sitte fol fleis fan de slachter yn de friezer."

Wat is in handige tip?

"Ast nei de winkel giest, betink dan yn it foar watst helje wolst en hoe'tst dat meinimme kinst sûnder plestik. Nim dus bakjes mei of linnen pûdsjes. Dan bist al in hiel ein. En de koekjes bak ik sels, dus dy binne ek plestikfrij."

Se krijt in soad positive reaksjes. "Minsken sizze dat se it eins sels ek mear dwaan moatte soenen. Ik ha hiele leuke gesprekjes yn de winkel."

Trefwurden: 
plestik Anja Haga
(advertinsje)
(advertinsje)