Pleatslik Belang: "Sluting Sybrandy's ramp foar toerisme yn de regio"

15 apr 2019 - 16:22

De sluting fan attraksjepark Sybrandy's is in ramp foar it lokale toerisme. Dat seit foarsitter Wink Blomsma fan Pleatslik Belang Bakhuzen, Murns en Riis.

It attraksjepark is ien fan de grutte lûkers fan it gebiet. Alle jierren komme sawat 40.000 minsken nei it park ta en dat smyt ek ekstra klandyzje op foar oaren yn de regio. Moandeitemoarn waard bekend dat boarterspark Sybrandy's ein augustus nei 55 jier definityf de doarren slút.

Ekstra klandyzje foar hotels en restaurants

Blomsma hat der sels ek wolris west mei syn pakesizzers. It is echt in begryp yn de regio en dêr fier bûten, fynt er. It park is fan ekonomysk belang foar alle oare toeristyske aktiviteiten yn Riis. Yn it doarp binne hotels, restaurants en ek in caravanpark. Mear oanrin betsjut mear klandyzje, ek foar de oaren.

Hope op dochs noch oername

Foar in lyts attraksjepark lykas Sybrandy's is in besikerstal fan 30.000 of 40.000 yn it jier poerbêst, seit Blomsma. It wie wol bekend dat Sybrandy's in opfolger socht. Mar mar dat it no dochs tichtgiet, is wol skrikken foar Blomsma. It is in domper foar Riis en foar de hiele streek, seit er. Wy as doarpsbelang fan Bakhuzen, Murns en Riis meitsje ús dêr soargen oer. Mar Blomsma hat ek hope: Miskien dat der mei dizze publisiteit dochs noch in keaper komt. Der hoopje wy echt op. It soe moai wêze ast it dochs trochgean kinne soe.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)