HEA! Maeve is kampioen Kidsfitness
Begjin dit jier hat se de oerstap makke fan topturnjen nei Kidsfitness, en no heart se al by de bêsten. Maeve van der Veer is 13 jier en Nederlânsk kampioene Kidsfitness. In sport dêr't it foaral by draait om akrobatyk, fleksibiliteit en úthâldingsfermogen. Yn maaie docht Maeve mei oan it Europeesk kampioenskip yn Servië.
HEA! Fitnessfamke De Lemmer

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.