Skoalbern lizze krânsen by oarlochsmonumint yn Ljouwert op Fryske befrijingsdei

15 apr 2019 - 15:08

Skoalbern fan fiif Ljouwerter basisskoallen ha moandeitemoarn krânsen lein by it earehôf op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. Dêr steane monuminten en grêven fan fyftjin fersetsstriders út de Twadde Wrâldoarloch. Op 15 april 1945, no 74 jier lyn, is Fryslân offisjeel befrijd fan de Dútsers.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

By de seremoanje waarden foaral ferhalen ferteld en songen. Sa moat it ferhaal fan de Twadde Wrâldoarloch libben bliuwe by de jonge bern.

Neffens Peter Lamers, master op basisskoalle de Trilker, is dat net lestich: "Wanneer je over de oorlog begint, heb je meteen de aandacht van de kinderen. Iedereen vindt het zo'n indrukwekkende gebeurtenis, omdat de grootte ervan niet te bevatten is. Op het moment dat je erover praat, merk je dat de interesse en het onbegrip over wat er toen gebeurde heel groot is."

De skoallen dogge dit alle jierren. Se 'adoptearje' de monuminten om op dy wize it ferhaal troch te jaan oan de jongere generaasje.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie by de krânslizzing troch skoalbern

(advertinsje)
(advertinsje)