Hânrem ferjitten: auto rôlet fan oprit ôf it wetter yn

15 apr 2019 - 13:30

De eigener fan in auto stie moandeitemoarn nuver te sjen doe't bliken die dat de auto it wetter yn rôle wie. Dat barde oan de Theo van Doesburgstrjitte yn Drachten. De auto wie fan de oprit rôle en belâne yn it wetter.

Foto: Srfotografie

De eigener wie ferjitten de hânrem oan te lûken. By it ûngelok rekke nimmen ferwûne. In berger hat de auto út 'e sleat lutsen.

Trefwurden: 
Drachten auto wetter
(advertinsje)
(advertinsje)