Al 368 meldingen fan ûnfeilige ferkearssituaasjes: stiet dyn klacht der al by?

15 apr 2019 - 14:25

Ferkear dat fan meardere kanten komt, in foarrangssitewaasje dy't net foar elkenien dúdlik is of in mislearre shared space-eksperimint dêr't fytsers har tusken op 'e doele rekke autobestjoerders wrotte moatte... It binne samar wat klachten dy't binnenkaam binne op it online meldpunt foar ferkearsûnfeilige sitewaasjes. Stiet dyn melding der al by?

Frachtwein hat muoite om de bocht te meitsjen - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Omrop Fryslân hat it meldpunt ferline wike lansearre. In hiel soad minsken ha al in melding dien: der binne al 368 meldingen. Wat opfalt, is dat minsken faak oanjouwe dat op in plak te hurd riden wurdt en foar fytsers is de situaasje it gefaarlikst.

"Een melding bij Damwâld vond ik wel opvallend", ljochtet Eva Meesterberends, datasjoernalist by Omrop Fryslân, ta. "Dat gaat om het kruispunt in de Haadwei. Dat is vaak gemeld en er is veel op gestemd. Het was vroeger een rotonde en nu een kruispunt met een paal in het midden. Niemand weet meer hoe die zich moet gedragen en mensen zeggen dat het een keer mis gaat daar. Ik ben benieuwd hoe het eruitziet."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Datasjoernalist Eva Meesterberends oer de tuskenstân fan it meldpunt

In oare melding giet oer in gebiet yn Ljouwert. "Dat loopt van Achter de Hoven tot aan het shared spacegebied bij de Blokhuispoort. Wie daar voorrang heeft vanaf de brug is onduidelijk. En bij de school Comenius melden mensen dat er te hard wordt gereden."

Fan alle meldingen komt in oersjoch en dy ynformaasje wurdt ek oan de gemeenten stjoerd.

Ek in ferkearsûnfeilige sitewaasje melde? Dat kin hjir ûnder yn de kaart. Trochjaan fan dyn melding kin oant en mei peaskemoandei 22 april.

Trefwurden: 
ferkear ûnfeilich Meldpunt
(advertinsje)
(advertinsje)