Stellingwarfs sit yn de lift: minsken binne positiver oer de taal

15 apr 2019 - 12:10

It Nedersaksysk docht it yn Fryslân it bêste fan de sân streken yn ús lân dêr't de taal sprutsen wurdt. It Stellingwarfs rint foarop. It stiet mear yn de belangstelling en minsken binne positiver oer harren eigen taal.

De Nedersaksyske fariant komt yn de Stellingwerven faker op skoalle foar. It Stellingwarfs liftet mei op de ûntwikkeling fan it Frysk, mient Sietske Bloemhoff fan taalynstitút de Stellingwarver Schrieversronte.

Learlingen fan basiskoallen komme mear mei de taal yn oanrekking. In groepke ekstra talintearren ha ferline wike noch eksamens dien yn it Stellingwarfs. Se kamen fan it Comprix-college en hawwe it alle sân helle.

Foto: Uitgeverij Bornmeer

De bern dogge ekskurzjes om it erfgoed, de streek en de taal kennen te learen by it fak Heemkunde, Dat kaam yn 1988 as ferfanging fan it Frysk. Se brûke it Stellingwarfs yn lesmateriaal of spultsjes. Erfgoed- en kultueredukaasje De Veerkieker is in foarbyld fan in geakundeprojekt.

En net allinnich troch ûnderwiis, mar ek troch toaniel, muzyk en in resinte film yn it Stellingwarfs, 'Daor klept de klokke weer', dy't oeral yn de Stellingwerven fertoand wurdt, krijt de taal mear status.

Sietske Bloemhoff

Trefwurden: 
Nedersaksysk Stellingwarfs
(advertinsje)
(advertinsje)