Soad reaksjes op sluten Sybrandy's: "Dêr giet myn jeugd"

15 apr 2019 - 12:00

"Ik wurd noch bang as ik oan it spûkhûs tink", of "It giele of reade boatsje dat nei ûnderen flotste", it binne in pear fan de oantinkens dy't minsken diele op Facebook yn reaksje op it sluten fan attraksjepark Sybrandy's yn Aldemardum.

Fierwei de measte minsken fine it spitich dat it ticht giet. It is in stik jeugdsentimint. Se ha der west mei skoalreiske of jierdeifeestjes fierd. "We ha der sa'n wille hân mei de bern."

In soad minsken ha der west, earst mei de bern en letter mei de bernsbern. "Foaral de skelters en de kraan wienen machtich", wer in oar seit: "de draaischijf was het helemaal."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Besikers wurdearje it lytsskalige park, se fine it der leuk en neame it betelber. Oaren roppe op om der wat oan te dwaan: "wat fuort is, komt net werom, stille hoeke aanst." It is "ivich skande" en "dêr giet myn jeugd."

It sil noch in drokke simmer wurde yn it park. In soad minsken jouwe oan dat se der nochris hinne sille. No't it noch kin...

(advertinsje)
(advertinsje)