Crone slút drugswenning oan Pilotenespel yn Ljouwert
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat in wenning oan de Pilotenespel yn Ljouwert sluten. De plysje hat dêr yn febrewaris in himpkwekerij oantroffen, mei 355 gram oan rispe himptoppen. Dat is mear as tastien.
Yn de ôfrûne moannen hat Crone faker in wenning sletten fanwege drugs. Oan de Wismastate fûn de plysje bygelyks 25 himpplanten en oan de Telemannstrjitte waard in plantaazje mei 9100 gram oan himp oantroffen.