Twa Friezen aktyf yn kwartfinale Champions League

15 apr 2019 - 11:50

Mario Diks fan Ljouwert en Hessel Steegstra fan Snits komme woansdei yn aksje by in wedstriid yn de kwartfinale fan de Champions League. De beide manlju binne assistint-skiedsrjochter by it duel tusken FC Porto en Liverpool.

Hessel Steegstra, Jan de Vries en Mario Diks ferline jier yn Camp Nou yn Barcelona - Foto: Omrop Fryslân

Diks en Steegstra binne de fêste kollega's fan Danny Makkelie, dy't de skiedsrjochter is yn it Estádio do Dragão. Liverpool wûn de earste wedstriid ôfrûne wike mei 2-0 fan FC Porto. Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp, dy't ûnderdiel útmakket fan it team fan Björn Kuipers, hat dizze ronde gjin duel tawiisd krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)