Minister Slob fynt dat der wol deeglik foarútgong is yn Fryske taalûnderwiis

15 apr 2019 - 11:06

Minister Arie Slob fan Underwiis fynt dat de ôfrûne jierren wol deeglik stappen setten binne op it mêd fan de Fryske taal yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Keamerleden Harry van der Molen en Michel Rog fan it CDA fûnen dat der nei de foarige trije rapporten fan de ûnderwiisynspeksje gjin foarútgong wie. Yn de eardere rapporten stie dat der normearre toetsen komme moasten en in saneamd 'learlingefolchsysteem'. Dy binne der no, seit Slob.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De ûnderwiisynspeksje sil dit jier foar it earst sûnt 2009 wer in tema-ûndersyk dwaan nei it Frysk yn it ûnderwiis. Sa moat dúdlik wurde hoe't de kwaliteit fan de lessen is. It ûndersyk besjocht ek hoe't it foech fan de dosinten is en freget learlingen, dosinten en direkteuren nei it draachflak ûnder âlden foar Fryske les op de skoalle.

Just om't der ferbetteringen binne yn it Frysk docht de ûnderwiisynspeksje no op 'e nij ûndersyk, seit Slob. De ûnderwiisynspeksje wol ek yn kaart bringe oft de skoalbestjoeren sicht hawwe op de ûntwikkeling fan it Frysk op harren skoalle.

Yn it basisûnderwiis foldocht 31,7 persint fan de skoallen oan de 'kearndoelen' foar it fak Frysk. Alle oare skoallen ha (diels) in ûntheffing. Guon foar allinnich it Frysk skriuwen, oaren (5 persint) ha in folsleine ûntheffing. Dy folsleine ûntheffingen binne allinnich yn it saneamde net-Fryske taalgebiet: de Waadeilannen, Weststellingwerf en dielen fan Eaststellingwerf en de eardere gemeente Kollumerlân.

Yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis hat 39,4 persint fan de skoallen gjin ûntheffing. Sân persint hat in folsleine ûntheffing.

Underwiis - Foto: Shutterstock.com

Undersyk fan NHL Stenden Hegeskoalle nei it Frysk yn it ûnderwiis hat dúdlik makke wat skoallen oan it Frysk dogge en hokker 'kearndoelen' sy helje. Dêr is it Taalplan Frysk út fuortkaam. Skoallen dy't in ûntheffing ha, moatte by de kommende ronde fan it Taalplan mear 'kearndoelen' helje. It stribjen, skriuwt Slob, is dat skoallen alle fjouwer jierren minder ûntheffingen nedich ha. Dat jildt dan allinnich foar skoallen yn in gebiet dêr't it Frysk de deistige omgongstaal is.

Harry van der Molen, ien fan de twa Keamerleden dy't fragen oer it fak Frysk stelde oan de minister, seit dat er net tefreden is mei it antwurd. "Weer wordt er omheen gedraaid", skriuwt er op Twitter. Hy wol in moasje yntsjinje.

Minister Arie Slob is moandei op Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
(Advertinsje)
(Advertinsje)