Aaipop wreidet festival út mei Aaikepop, spesjaal foar de bern

15 apr 2019 - 10:31

Al sûnt 1987 wurdt yn Nijlân it muzykfestival mei inkeld Frysktalige muzyk hâlden op twadde peaskedei. Om de jeugd yn de kunde komme te litten mei Aaipop, komt Stichting Aaipop dit jier op 22 april mei wat nijs: Aaikepop. It moat de jeugd in paste Aaipop-ûnderfining biede.

Foto: Aaipop

Sipke de Boer sil de bern dêrby sjonge en dûnsje litte op Frysktalige ferskes. Bern oant en mei 12 jier binne fergees wolkom op it Aaipop-terrein.

Op it festival op it terrein fan m.f.c. De Mande trede dit jier fyftjin bands op yn ferskate tinten lykas de Harksankjeseal, Tongertinte en Teneftertinte.

Dit jier binne der ûnder oare optredens fan Sequens, Gerbrich en it Grutte Guod, Adri de Boer, Ljoubjr de Band, Bricquebec en The Beatles Sessions, Helder, Sytse Haima, De Doelleazen, Sipke de Boer en Sebeare.

Piter Wilkens fersoarget in gastoptreden by Sebeare. Hy hat fan alle Fryske artysten it faakst op Aaipop spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)