De maitiid begjint: tiid om op te romjen

15 apr 2019 - 09:47

In soad minsken krije by de start fan de maitiid sin om de boel thús ris flink op te romjen. De meiwurkers fan Omrin hawwe ek opromkribels. Sy stekke de hannen út de mouwen om de boel bûten op te rêden, sadat de natoer klear is foar de maitiid.

De maitiid begjint: tiid om op te romjen

Soest it net sizze, mar de maitiid hat effekt op wat minsken fuortsmite. Wy binne mear bûten en hawwe earder de oanstriid om guod fuort te smiten. Mar bygelyks ek it fakânsjejild hat effekt. Dan wurde der bygelyks wer folle mear túnmeubels kocht en dus âld guod fuortsmiten.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra giet mei Omrin op paad - diel 1

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Gertjan ter Horst wurket by Omrin en hie it moandeitemoarn smoardrok: "We gaan in Grou het Halbertsmaplein vegen, waar het nieuwe watersportseizoen is geopend afgelopen weekend."

Net allinnich mei feestjes falt der genôch op te romjen. "Mensen gooien echt van alles weg. Zelfs plastic kapstokjes, die dan heel vervelend in de schoonmaakmachine blijven hangen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra giet mei Omrin op paad - diel 2

Trefwurden: 
Omrin opromje maitiid
(Advertinsje)
(Advertinsje)