Attraksjepark Sybrandy's slút definityf de doarren

15 apr 2019 - 09:21

It lytsskalige attraksjepark Sybrandy's yn Aldemardum giet nei dit seizoen definityf ticht. Nei 55 jier komt dêrmei in ein oan it park dat bekend stie as it fûgeltsjespark. Eigener Simon Sybrandy giet mei pensjoen en socht al sûnt 2013 nei in nije eigener. Dat is net slagge, wêrnei't de doarren definityf ticht gean.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferslachjouwer Wytse Vellinga is yn Aldemardum

Eigeners Simon Sybrandy en soan Rienk setten it park yn 2013 te keap. Simon giet yn 2019 mei pensjoen en Rienk sjocht it net sitten om it park allinnich te lieden. Yn de seis jier dat it park te keap stie, slaggen beide der net yn in geskikte keaper te finen. "It is behoarlik prizich om in attraksjepark oer te nimmen. Dat wie benammen it strûkelblok", fertelt ferslachjouwer Wytse Vellinga.

Dêrtroch falt it doek. Snein 25 augustus is de lêste dei dat it park noch iepen is. De attraksjes en ynboel wurde dernei online ferkocht. Op harren webside lit it park witte dat it in dreech beslút west hat. "We hebben er lang en diep over nagedacht. Deze moeilijke beslissing gaat niet over één nacht ijs."

"Tige spitich"

Doarpsbelang Bakhuzen, Murns en Riis fynt it spitich dat it park ticht giet. Neffens foarsitter Wink Blomsma wie it park in wichtige toeristyske attraksje foar de omjouwing. Der kamen alle jierren sa'n 40.000 minsken op ôf. "Ek minsken út de omjouwing skrikke fan it nijs", fertelt Wytse Vellinga. "In hiel soad minsken hawwe harren eigen jeugdherinnerings oan it park."

(advertinsje)