Man fêst yn stoart beton by Kijlstra Beton yn Drachten

In wurknimmer fan Kijlstra Beton yn Drachten is moandei op it terrein fan it bedriuw fêst kommen te sitten yn nijstoart beton. Earst ried der in karre mei twa ton semint oer syn earm hinne, dêrnei waard semint oer him hinne stoart, doe't yn in saneamde betonbunker lei.
Kijlstra Beton
Brânwachtpersoniel hat de wurknimmer, dy't oant de skouders ta yn it semint siet, útgroeven en oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht.
It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe.
© Srfotografie