Kollum: "Let's talk about sex"

15 apr 2019 - 08:54

"Foarige wike moandei krige ik nei ôfrin fan myn kollum oer de Pimelparty in appke fan ús heit. "Hee Nyn, eartiids hasto alris sein: 'Ik ha de fiiste heit en mem fan de hiele wrâld'. Mar as ik dyn kollum no sa hear, hoe sit it dan mei myn eigen dochter?" Ik lies it appke en seach mysels ynienen wer as basisskoalle-rebel.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik sil in jier as tsien west ha doe't ik ûntduts hoe't it siet mei de blomkes en de bijkes. Ik krige útlis fan ús mem, dy't fertelde hoe't dat dan presys wurket as der in poppe makke wurdt. Hoe't it petear krekt gong, wit ik net mear, mar ik skyn dêrnei fol ôfgrizen konkludearre te hawwen: "Dus jim hawwe it trije kear dien?" Us mem knikte. En sei doe: "Mar wy dogge it wol faker, hear. Gewoan, omdat wy it lekker fine." En doe ha ik dus blykber roppen: "Jakkes! Ik ha de fiiste heit en mem fan de hiele wrâld!"

En no bin ik sels dejinge dy't oer de blomkes en de bijkes fertelt thús. Want ek by ús thús binne der twa pear earkes dy't mar wat graach witte wolle hoe't it wurket. Sa komt it dat wy it by it moarnsbrochje oer stive pimeltsjes ha. En jûns op bêd skuort de âldste de tekkens omheech, stekt har kop ûnder it dekbêd en ropt nei ûnderen dat se letter noait mar dan ek noait ûngesteld wurde wol. Prachtich.

De measte fragen binne oant no ta ûnskuldich. Mar wat my wol opfalt, is dat de bern al folle mear witte fan seks as wy eartiids. Se sjogge en hearre fan alles fia floggers en muzyk. De âldste hie lêstendeis in ferske fan Merol, dêr't se gek op wie: 'Lekker met de meiden'. Mar doe't ik efkes fierder scrolde, kaam ik ek hiele oare nûmers fan Merol tsjin mei titels dêr't sels myn earkes fan gloeiden. Har grutste hit op dit stuit is 'Hou je bek en bef me'. Eeeh Hallo?

En de jongste is hielendal sljocht fan de Dikke Lul Band. De namme seit it al: ek dy ha net de meast ferantwurde teksten. Fansels; wy sizze wol dat se hjir net nei lústerje meie, mar in oerke letter sitte se mei de koptelefoan op 'e kop en ha wy gjin idee mear wat se wol en net hearre.

Miskien moast it as heit en mem hjoed-de-dei ek in bytsje los doarre te litten. Want folle wichtiger is neffens my dat se mei fragen wol by ús komme. As se wat hearre of sjogge en dêrfan tinke: huh, hoe sit dat, dan hoopje ik dat se it oan ús doarre te freegje.

It is net altyd maklik, mar wy besykje thús sa iepen mooglik oer seks te praten. Soms gniis ik my stikken as de bern fertelle hoe't it neffens harren krekt wurket allegear. Dan rôlje my de triennen oer de wangen. Mar it is fansels saak om dat net blike te litten. Om serieus alle fragen te beäntwurdzjen.

Ik wol net dat dit no in hiel preuts stikje wurdt, mei as konklúzje: eartiids wie alles better. Want dat is net sa. Ik bin bliid dat der tsjintwurdich folle mear en iepener praat wurde mei oer seks. Bern kinne dêrtroch sels better kieze wat se wol en net wolle as se âlder binne.

Oant it safier is, bliuwt it by tútsjen. Justerjûn noch stie de âldste foar ús yn de pyjama. Se seach my oan en frege hiel serieus: "Mar hat Nynke dan wolris mei in oar tute as mei mem?" Ik knikte. "Hmmm", sei se en draaide har om. "Dus toch!"

(advertinsje)
(advertinsje)