Reekplom sjoen boppe ôffaloven REC yn Harns

15 apr 2019 - 07:52

By de ôffaloven yn Harns wie snein oan de ein fan de middei in grutte reekplom te sjen. De wite reek kaam út it dak fan it gebou en net út de skoarstien. Omrin lit witte dat de plom te krijen hat mei it op'e nij opstarten fan de oven. Dy wie fan 22 febrewaris ôf sân wiken ticht foar grut ûnderhâld. De reek dy't frijkaam by it op 'e nij opstarten wie net skealik.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is in pear miljoen euro ynvestearre om der foar te soargjen dat de oven minder steuringsgefoelich wurde soe. Ut ûndersyk docht bliken dat 70 prosint fan de Harnzers dy't de enkête ynfolle hat, oanjout noed te hawwen oer de sûnens en feiligens troch de steurings by de oven.

Trefwurden: 
Harns REC Omrin ôffaloven
(advertinsje)
(advertinsje)