"Museumwykein past better by Fryslân as Museumwike"

"It Museumwykein past better by Fryslân as de Museumwike." Dat seit Lisette Zwerver fan de Museumfederaasje Fryslân. Oant 2015 iepenen alle musea yn Nederlân ien wykein harren doarren foar spesjale aktiviteiten om in oare doelgroep te lûken. Sûnt 2016 giet it net langer om in wykein, mar om in hiele wike. "Dat is foar in soad musea hjir dochs wat te folle fan it goeie", konkludearret de Museumfederaasje Fryslân.
© Ruben van Vliet, Fries Museum
Fan 8 o/m 14 april wie der in hiele wike lang ektra omtinken foar musea yn it hiele lân. "Dat dit in wike wurde moast, is lanlik besluten", leit Zwerver út. "Foar musea yn it westen docht it seker fertuten. Mar om in hiele wike aktiviteiten te organisearjen foar it publyk, dat is bêst dreech foar musea yn ús regio", fernimt se.

Gesellich drok

Dochs wie it ôfrûne wykein gesellich drok yn de Fryske musea. Museum Dokkum wie fergees iepen en hie spesjaal foar dat wykein in tal striptekeners útnûge. Ek yn it Fries Museum wie it drokker, mei om't it museum foar ien euro iepen wie.
De Museumfederaasje bliuwt him dan ek ynsetten foar it Museumwykein. Zwerver: "Wy bliuwe seker aktyf om musea te stimulearjen om mei te dwaan oan dit wykein om ris in hiel oar publyk te lûken as gewoanwei."
Lisette Zwerver fan de Museumfederaasje